10.000 besikers Kazemattemuseum

17 sep 2006 - 14:19

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân hat sneon de tsientûzenste besikers fan it jier yn it sintsje set. Dy besiker krige it earste eksimplaar fan de twadde printinge fan it boek Blitzkrieg! Halte Kornwerderzand. De earste printinge fan it boek wie al in skoft útferkocht.

De tsientûzenste besiker wie Klaas van Zandbergen fan Putten. Van Zandbergen syn heit wurke mei oan de oanlis fan de Ofslútdyk as ynzjeneur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)