1000-soarten-dei Lauwersmar

21 jun 2014 - 11:55

Yn it Lauwersmargebiet binne sneon tachtich spesjalisten oan it ynventarisearjen wat der allegearre oan soarten yn de natoer binne. De 1000-soarten-dei wurdt alle jierren organisearre yn in oare natoergebiet troch Steatsboskbehear en it EIS-Kennissintrum Ynsekten.

Der binne no twatûzen soarten flora en fauna bekend yn it gebiet. Dat kinne samar hûnderten mear wurde. Foaral fan ynsekten wurdt in soad ferwachte, want dêrfan binne nei alle gedachten de measte nije soarten te finen. Freedtejûn binne al seldsume soarten nachtflinters fûn.

It Lauwersmargebiet is spesjaal, omdat dêr ek planten foarkomme dy't groeie troch it sâlte ferline fan de mar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)