100 skoallen ferkearsfeilich

22 okt 2010 - 16:01

Basisskoalle de Paedwizer yn Beetstersweach is de hûndertste ferkearsfeilige skoalle fan Fryslân. De skoalle krige dêrom freed in ferkeersfeiligenslabel by de yngong.

Dit label krije basisskoallen fan de provinsje Fryslân as se oan allerhanne easken foldogge. It boerd waard freed oanbean troch de maskotte fan it projekt, in sebra mei de namme Seef. De provinsje wol graach dat op termyn alle 500 basisskoallen fan Fryslân ferkearsfeilich wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)