'100 ride op de Sintrale As'

02 des 2005 - 11:32

De nije dyk tusken Dokkum en Garyp, de Sintrale As, moat in fjouwerbaansdyk wurde dêr't je 100 kilometer yn 'e oere ride meie. Dat wolle de ANWB en ferkearsfeiligensorganisaasje 3VO.

De provinsje wol in twabaansdyk foar 100 kilometer mei ynhelferbod. Neffens 3VO en de ANWB is dat net feilich en dan nimme de bestjoerders wer de lokale diken. De ANWB en 3VO wolle mei aksjegroepen en doarpsbelangen de polityk achter it plan krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)