100 minsken by aaisikerssaak

09 mrt 2006 - 11:41

Sa'n hûndert minsken hawwe by de rjochtbank fan Ljouwert de rjochtsaak oer it aaisykjen bywenne. It gie om it beswier fan faunabeskerming tsjin de ûntheffing dy't de provinsje ôfjûn hat foar it aaisykjen.

Faunabeskerming wol dat it aaisykjen sa gau mooglik ferbean wurdt. Sawol Niesen fan Faunabeskerming as Kalsbeek fan it BFVW ferdigenen har stânpunt, ûnderboud mei ûndersiken. Takom wike freed docht de rjochter wierskynlik útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)