100-jierrige Cornelia Stichting fiert jubileum mei sportdei

28 maaie 2015 - 17:21

De Cornelia Stichting fierde tongersdei it 100-jierrige bestean mei in Cornelia Sportdei op It Hearrenfean. Der diene hast 600 bern fan it gewoane en spesjale ûnderwiis oan mei. Doel wie om de bern tichter byelkoar te bringen. Der waard omraak turne, swommen, follyballe en noch sa'n 50 oare sporten.

De Stichting is oprjochte mei de de erfenis fan freule Cornelia van Lynden, dy't yn 1880 stoar oan tuberkuloaze. It jild wurdt bestege oan bern mei in beheining yn de breedste sin fan it wurd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)