10 tips ûntfiering frou Jislum

17 nov 2009 - 11:03
  • 35 resjersjeurs wurkje oan de saak

By de plysje binne oant no ta tsien tips binnenkaam oer de ûntfiering fan de 39-jierrige Ludmila Postma út Jislum. 35 resjersjeurs út Fryslân, Grinslân en Drinte wurkje oan de saak.

Postma waard sneon foar in wike yn Ljouwert ûntfierd. Twa Russysk pratende manlju sprutsen har yn it sintrum oan en manlju lokken har mei in ferlechje in auto yn. Postma waard nei in ûnbekende bestimming oerbrocht en fêstholden yn in wenning. Neffens har waard der noch in frou fêstholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)