10-tallen strippekaarten stellen

16 mrt 2006 - 11:06

Ut in winkel oan de Foarstrjitte yn Holwert binne woansdei 10-tallen strippekaarten stellen. Dat is nei alle gedachten dien troch trije manlju dy't op it stuit fan de stellerij yn de winkel wiene.

Se hiene sein dat se de gist net fine koene. In meiwurkster rûn doe mei ien fan de manlju de winkel yn. Doe't se by de kassa weromkaam, ûntduts se dat de strippekaarten fuort wiene. De trije manlju wiene doe al útnaaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)