10 prosint fan âlde tsjerken min

28 apr 2006 - 11:42

Tsien persint fan 'e monumintale tsjerken yn Fryslân is der min oan ta. Dat seit de stifting behâld tsjerklike gebouwen yn Fryslân. Meiinoar giet it om 30 oant 40 tsjerken. De tsjerken ha it jild net om it sels te dwaan en der is ek gjin goeie subsydzjeregeling.

Tsjerken yn 'e gefaresône binne ûnder oare dy fan Nijeholtpea, Doanjum en Kollum. It kin neffens de stifting noch wol fiif jier duorje foardat der in goeie subsydzjeregeling is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)