10 oanhâldings yn Dokkum

13 apr 2007 - 10:28

De plysje yn Dokkum hat 10 fertochten oanhâlden foar fernielings, stellerij en brânstifting. Ien fan de tsien is mearderjierrich. De jongeren ha ruten ynsmiten, in materiaalhok fan in keatsferiening yn brân set en ynbrutsen yn in busstasjon.

Dêrneist ha se ferskate kearen oerlêst feroarsake yn de Dokkumer wenwyk It Fûgellân. Alle tsien fertochten ha bekend en prosesferbaal krigen. It OM oerwaget fierdere ferfolging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)