10 nije festigings fan Te Plak

01 apr 2004 - 00:00

Fan doarpsservice Te Plak kinne 10 nije festigingen komme troch jild fan Korporaasje Holding Fryslân. Te Plak bestiet al yn Lekkum, Stynsgea, Warkum en Weidum. Te Plak boadskippet, lit de hûn út en himmelet foar minsken dy't it sels te drok ha of it net mear kinne.

Foar de korporaasjeholding is it in goeie saak om't minsken dan faak langer yn it eigen hûs wenjen bliuwe kinne. It bedriuw jout 25 tûzen euro foar elke nije festiging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)