10 miljoen SNN Yslânske bank

14 okt 2008 - 15:17
  • Jorritsma: gjin gefaar projekten

It gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, SNN, hat 10 miljoen euro útstean op rekkens by Yslânske banken. Dat hat de provinsje Grinslân tiisdei bekend makke. Dy provinsje beheart it jild fan de SNN. Dat is ûnderbrocht by de Landsbanki en de Kaupthing Bank. Beide banken binne sa goed as fallyt en oernommen troch de Yslânske oerheid.

Grinslân sels hat ek jild útstean by de banken. Mei-inoar noch sa'n 20 miljoen euro. Wat de krekte gefolgen binne foar SNN is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)