'10 Miljoen foar nije iishal'

08 feb 2013 - 10:14

Yn Ljouwert komt in nije iishal mei ien baan fan 400 meter, lykas yn Thialf. It provinsjebestjoer is ree om 10 miljoen euro yn de bou fan in nije hal te stekken. Dat is 2,5 miljoen minder as de gemeente freget. De kosten foar de bou fan in nije 400 meter baan njonken it WTC wurde rûsd op 25 miljoen. De gemeente moat sa'n 15 miljoen op it kleed lizze ynklusyf de grûn en it bouryp meitsjen fan it terrein. De gemeente en de iishal wolle sa gau mooglik mei de bou begjinne.

De baan soe 1 jannewaris 2015 klear wêze moatte. De âlde hal moat foar dy datum ticht omdat it kuolsysteem ferâldere is. Op 22 maart nimt provinsjale steaten in definityf beslút oer de bydrage fan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)