10 miljoen foar Kenniskampus

17 jun 2004 - 00:00

Ljouwert stekt yn alle gefallen 10 miljoen euro yn de Kenniskampus. Dat waard woansdei dúdlik op in gearkomste fan de kommisje stedsûntwikkeling. Dêr waard oer de saak praat nei oanlieding fan fragen fan CDA en VVD.

De partijen binne benaud dat de Kennis- kampus in boaiemleaze put wurdt dêr't de gemeente hieltyd yn bypsringe moat. Wethâlder Krol hie it maksimale bedrach earder op 6 miljoen euro set. Dêr komt noch de opbringst fan de grûn by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)