10 jier sel en TBS saak-Monsma

22 des 2011 - 14:15

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat tongersdei in 26-jierrige Dokkumer feroardiele ta tsien jier sel en TBS foar deaslach op de 24-jierrige Suzanne Monsma út Dokkum. Yn heger berop wie tolve jier en TBS easke.

De rjochtbank feroardiele de man earder ta tweintich jier sel foar moard. De straf wie sa heech omdat de man net meiwurkje woe oan ûndersyk yn it Pieter Baan sintrum. Hy wie benaud foar in TBS-maatregel. Neffens it hôf is der gjin bewiis dat de man Monsma mei opset sin ombrocht hat en is der dus gjin sprake fan moard.

Fierder is yn it ferline wól psychologysk ûndersyk dien nei de man. Op grûn dêrfan tinkt it hôf dat er in psychyske steurnis hat en dat him folslein ta te rekkenjen is wat er dien hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)