10 jier foar moard op Tibetaan

30 des 2003 - 00:00

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat in 21- jierrige Sinees feroardiele ta 10 jier sel om't er ferline jier septimber in 45-jierrige Tibetaan om it libben brocht hie. Neffens it Hôf is bewiisd dat er de Tibetaan dêrnei yn stikken seage en yn plestik ferpakt hat.

Parten fan it lichem fan de Tibetaan binne letter werom fûn yn de jachthaven fan Burgum. It Pieter Baan Centrum achtet de Sinese dieder folslein tarekkeningsfetber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)