10 jier foar deaslach Snitser

13 des 2013 - 14:05
  • Justysje

In Snitser (26) fan Somalyske komôf hat tsien jier selstraf krigen foar deaslach op in plakgenoat (28). It slachtoffer waard yn maart fan dit jier delstutsen yn it hûs fan de dieder. Neffens de dieder soe er besocht ha om it mes ôf te pakken fan it slachtoffer, mar foel dy op it mes.

De rjochter leaut dat net, omdat de man himsels tsjinsprekt yn oare ferklearrings. Boppedat wiene de ferwûnings fan it slachtoffer sa, dat dat net troch in fal komme koe. De rjochter rekkenet it de Snitser bot oan dat hy net it echte ferhaal ferteld.

Mei om dy reden is de straf sa heech út fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)