10 jier easke foar moard Harns

05 mrt 2014 - 15:33
  • It ûndersyk by it hús dêr't de deade man fûn is.

Tsjin in 37-jierrige man út Harns is woansdei tsien jier sel en tbs easke fanwege belutsenheid by de dea fan in stedsgenoat. Dy waard Pinkster ferline jier fermoarde yn syn hûs oan de Domela Nieuwenhuisstrjitte yn Harns.

De man wurdt derfan fertocht tegearre mei in 52-jierrige frou út Makkum de Harnzer sa mishannele te hawwen dat er ferstoar. Se soene dêrby ûnder oare in honkbalkneppel brûkt hawwe. De eask tsjin de frou wurdt letter bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)