10 huzen Menaam sûnder stroom

13 jan 2006 - 11:03

Sa'n tsien hûshâldens yn Menaam sitte op it stuit sûnder stroom. De steuring begûn woansdeitejûn om goed seis oere. It giet om wenten yn 'e omkriten fan de Grutte Buorren. De bakkerij is al de hiele dei ticht troch de steuring.

Meiwurkers fan enerzjybedriuw NUON binne drok dwaande de steuring te ferhelpen en om achter de oarsaak te kommen. Hoelang dat noch duorje sil, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)