10 Henk ten Hoor's moarn iepen

08 okt 2012 - 16:47

Tsien fan 'e santjin Fryske Henk ten Hoor-winkels gean tiisdei wer iepen. De winkels fan it fallite kleanwinkelkonsern binne oernaam troch Romani Beleggingen. Al mei al hat de belizzingsmaatskippij út Zevenaar sechstich fan de 103 winkels en 250 man personiel oernaam. De kurator is noch hieltyd yn petear mei oernamekandidaten foar de oerbleaune winkels.

De Fryske winkels dy't ticht bliuwe,stean yn Burgum, Drachten, Kollum, Ljouwert, De Lemmer, De Lemmer (Verlaet) en Easterwâlde. Henk ten Hoor weriepenet de winkels yn Boalsert, Bûtenpost, Damwâld, Dokkum, De Jouwer, Noardwâlde, Sint Anne, Stiens, Surhústerfean en De Westereen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)