1 april: skaters op fytspaad

31 mrt 2008 - 16:35

Fan tiisdei ôf jilde wer in tal nije ferkearsregels. Sa meie skaters tenei ek formeel op it fytspaad en as dy der net is op de rydbaan ride. Dêrneist is ynformaasje op matriksboerden gelyk oan ferkearsbuorden.

It binne gjin yngripende feroarings, mar ferkearsdielnimmers moatte de nije regels wol witte. Buro ferkearshanthavening fan 'e plysje sil net fuortendaliks bekeure, mar wol warskôgje en ynformaasje jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)