´Voedselbanken´ hast leech

26 feb 2009 - 13:54
  • Lege skappen yn de Drachtster Voedselbank

De kâns is grut dat Fryske ´Voedselbanken´ takom wike gjin pakketten mear útdiele kinne. De sintrale opslach fan de noardlike banken yn Emmen is nammentlik leech. Dat komt troch de ekonomyske krisis.

Fabriken produsearje effisjinter sadat der minder foarried oerbliuwt. Ek wurdt de lêste tiid folle mear gebrûk makke fan de ´Voedselbanken´. Yn Fryslân is it tal ôfnimmers groeid fan 400 nei 600.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)