´Skoare by FC Top´ wint priis

06 maaie 2008 - 14:18
  • Skoare by FC Top

Jelle Bangma hat mei syn fuotbalboek ´Skoare by FC Top´ de priis fan ´e berneboekesjuery wûn. Bern fan ferskate Fryske basisskoallen hawwe it boek as bêste útkeazen út sân boeken. De priisútrikking is op 21 maaie yn it Abe Lenstrastadion.

Learlingen fan skoalle De Frissel yn Feanwâlden binne dêr ek by. Trainer Gertjan Verbeek en de Hearrenfean- twilling, de spilers Henrico en Jeroen_Drost fertelle wat oer de fuotballerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)