´Nij begjin´: twivels yn ried

15 aug 2007 - 10:25
  • Waterlander is noch net oertsjoege fan ´In nij begjin´

De PvdA-fraksje fan Littenseradiel sjocht yn de nota ´In nij begjin´ noch gjin oanlieding om har betrouwen yn it kolleezje út te sprekken. Fraksjefoarsitter Waterlander lit fan syn fakânsjeadres ôf witte dat syn fraksje net daliks troch de bocht is.

Foar de VVD jildt itselde. Dat it kolleezje graach fierder wol, betsjut noch net automatysk dat de ried dêr ek sa oer tinkt, seit fraksjefoarsitter Ymte_Heeg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)