´Net heie yn Harns om de fint´

23 mrt 2009 - 12:12
  • De fint is famylje fan ´e hearring en kin 55 oant 60 sintimeter lang wurde

De tige seldsume fisk de fint soe wolris de troefkaart wêze kinne foar de tsjinstanners fan ´e ôffaloven yn Harns. Yn in ekologyske toets by de miljeufergunning foar de bou stiet dat it heiwurk net yn it trekseizoen fan dizze fisk plakfine kin. Dat seizoen begjint yn april en sadwaande kin der foarearst net heid wurde yn Harns, seit de Stichting Afvaloven Nee.

Yn in koart pleit sil advokaat Gina_Kamsma fan de Stichting Afvaloven Nee dit foarlizze oan de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)