´Loasferbod net kontrolearber´

05 maaie 2008 - 15:39
  • Bert Kuiper is ek boargemaster fan Skarsterlân

It nije ferbod op it loazen fan smoarch wetter troch plezierboatsjes wurdt ûnkontrolearber en moat dêrom net trochfierd wurde. Dat fynt foarsitter Bert_Kuiper fan it distrikt noard fan it keninklik Nederlânsk wettersportbûn, it KNWV.

It nije ferbod giet op 1 jannewaris yn. It loazen fan wetter fan bygelyks de dûs mei dan noch wol, mar wetter fan it húske mei net loasd wurde. It is lykwols net ferplichte om in aparte ynstallaasje oan board te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)