´Imago Wetterskip skeind´

26 nov 2008 - 11:39

It imago fan Wetterskip Fryslân wurdt skeind no´t de útslach fan de ferkiezings útsteld wurdt oant sneon. Dat sizze listlûkers fan dielnimmende partijen no´t it tellen fan de stimmen net op tiid klear is. In bedriuw út Alphen_a/d_Rijn docht dat foar alle wetterskippen mar hat mear tiid nedich

Foar it Wetterskip is it net de earste tsjinslach. Earder waard it stimmen oer ynternet al net tastien en koene stimbiljetten trochelkoar reitsje by húshâldens mei meardere stimbiljetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)