´Grûn mei net fierder sakje´

26 aug 2008 - 16:45

De grûn fan Frjentsjerteradiel mei net fierder sakje as gefolch fan gaswinning as no yn de fergunning ôfpraat is. Dat seit de gemeente.

In ferromming fan de grins oan ´e grûndelgong is foar de gemeente ûnbesprekber. It ministearje fan Ekonomyske Saken hat dy gaswinning stillein, omdat de grûn yn Noardwest- Fryslân folle hurde sakket as foarsjoen. Dy grûn mocht net mear as 16 sentimeter sakje, en dy grins is no al sawat berikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)