Fryslân Hjoed

It lêste nijs út Fryslân wurdt fan 12 septimber ôf brocht yn in nij telefyzjeprogramma: Fryslân Hjoed. Dêryn wurdt it nijs op in oare wize besjoen en is der gelegenheid om mear oandacht te besteegjen oan it nijs. Troch bygelyks langere reportaazjes, live ferbiningen, studiopetearen en eigen spesjalisten.

Fryslân Hjoed wurdt presintearre troch in team fan fertroude en nije gesichten: Arjen de Boer, Roelof Lousma, Afke Boven, Suzanne van Zwam en Timo Jepkema. It programma is ûnderdiel fan de nije telefyzjeprogrammearring fan Omrop Fryslân, dy’t op 12 septimber begjint. Fryslân hjoed is fan dan ôf alle wurkdagen om 17.00 oere te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje.

Nei Fryslân Hjoed folget alle dagen It Waar, Hea! en it berneprogramma. De oeren dêrnei is der op dat tiidstip, om 18.45 oere, alle dagen in oar programma. Klik op de ûndersteande ôfbyldingen foar mear ynformaasje oer dy programma's.

(advertinsje)
(advertinsje)