Fjouwer Admiraliteitslêzings yn Dokkum

23 aug 2015 - 11:03

Yn Museum Dokkum binne fan moandei ôf fjouwer lêzingen oer de admiraliteit. Dat bart foarôfgeand oan de Admiraliteitsdagen yn de stêd, fan 3 oant en mei 6 septimber. De lêzingen geane ûnder oare oer seeslaggen, skipsbou en navigaasje. De lêzingen wurde holden yn it Admiraliteitsgebou fan Museum Dokkum, yn de seal dêr't it Admiraliteitskolleezje eartiids fergadere.

Sprekkers binne Ihno Dragt, direkteur-konservator fan Museum Dokkum en museum 't Fiskershúske en argeolooch Gerald de Weerdt.

Redakteur Hans Zijlstra fan de Historische Vereniging Noordoost-Fryslân fertelt tiisdei oer de bydrage fan de Fryske Admiraliteit oan ûnder oare de seeslach by Gibraltar. Gerald de Weerdt komt oan it wurd oer de bou fan de replika fan it skip fan Willem Barentsz yn Harns en âld-keapfardijstjoerman Frits Stakelbeek fertelt oer navigaasje op it wetter.

Trefwoorden: 
Deel dit bericht op:
(advertinsje)
(advertinsje)