Gerbrich de Jong: "Tevreden over online cursus Fries"

17 okt 2016 - 18:00
  • Online kursus Frysk fan de Ryksuniversiteit Grins

De Rijksuniversiteit Groningen kijkt met veel tevredenheid terug op de online cursus Fries die ze de afgelopen drie weken hebben gegeven. Dat vertelt Gerbrich de jong die de Engelstalige MOOC (Massive Open Online Course) Frisian opgezet heeft. "Minsken út echt de hiele wrâld hawwe der oan meidien. Fan Iran oant Mongoalië en fan Ruslân oant Angola."

Veel belangstelling was er met name vanuit Engeland, Australië, Amerika en Canada. "Dat komt grif om't in soad minsken Fryske woartels hawwe of om't se mear witte wolle oer de relaasje mei it Ingelsk."

Wie waren die deelnemers nou precies?

"Foar ús kursus hawwe harren úteinlik sa'n 6500 minsken ynskreaun. De úteinlike kursus fan trije wiken wie fan 26 septimber oant en mei 10 oktober 2016. Alle moandeis wie der in nij diel beskikber. Minsken koenen oanjaan wêrom't se meidwaan woenen oan de kursus. Se hawwe hiele útienrinnende redenen. Martin Lewis út Wales skriuwt: "As a Welsh person, interested in minority European languages; and in Frisian because of its close linguistic links with English." En Bouwe Grijpstra syn foarâlden ferlieten Fryslân, ik wit sa gau net wêrhinne krekt, mar hy docht om de folgjende reden mei: "Just curious to find to what extent i will be able to speak with my 92 year old uncle in the language of his youth, the family of my sister in law from Friesland, and all other native speakers when on a visit over there." Mar ek minsken út Nederlân sels folgen de kursus. De reden dat Dennis Buisman meidie: "Just moved from Holland to Friesland. I want to understand the language of the people i now live with in the same village."

Wat voor taalvragen stelden de mensen?

"Op ús foarum koenen minsken ek fragen stelle. Minsken woenen faak witte hoe't je wurden no krekt útsprekke moatte, bygelyks 'moandei. Sizze je dat as 'mandje' of 'mendje' en wêrom dan krekt? Faak losten de dielnimmers ûnderling de taalfragen ek op. En oars koe ik altyd mear dúdlikheid jaan as online dosint. Sa hie ien byfoarbyld de fraach wêrom't it sawol 'ien bern' as 'trije bern' is. Dan moatte je dus útlizze dat guon wurden yn it Frysk yn it inkeltal en it meartal itselde wurd hawwe, lykas it wurd 'skiep'. Dy fragen hâlde my as dosint Frysk ek skerp.''

Deze mensen kunnen nu een beetje Fries, en wat nu?

"Foar guon minsken sil it gewoan in leuke yntroduksje yn de Fryske taal wêze. Ek witte se no wat mear oer de Fryske kultuer en ús lânskip. Miskien dat dy minsken hjirnei Italiaansk of miskien wol Russysk leare wolle. Mar der binne ek misken dy't op in heger nivo Frysk leare wolle, en dat hoopje ik sels fansels ek. Dat minsken noch better Frysk leare wolle. Dat kin dan by de AFUK, by de NHL of de RUG."

De online cursus Fries is nu afgelopen, komt er een vervolg?

"Ik bin der fan oertsjûge dat dizze kursus noch in kear oanbean wurde sil. Dizze kursus Frysk is basearre op de fariant 'Introduction to Dutch', dy't yn 2015 sa'n 70.000 ynskriuwings hie. Dy Nederlânske kursus is no al sa'n sân kear jûn en is noch altyd populêr. Ik bin der dan ek wis fan dat de kursus Frysk noch wol faker jûn wurde sil. De dielnimmers sels reagearren hiel entûsjast, sa lieten se op ús foarum witte. Mar der komt sa't it no liket gjin Fryske kursus op in heger nivo."

Deel dit bericht op:
(advertinsje)
(advertinsje)