Scooterrider op de flecht foar plysje rydt de sleat yn

17 okt 2016 - 16:14

In 46-jierrige Ljouwerter is sneintejûn op de flecht foar de plysje mei syn scooter yn in sleat riden. De plysjes seagen de man riden fan Tytsjerk yn de rjochting fan Ljouwert. De scooterrider die syn ljochten út en naaide út. De plysjes rekken de man efkes kwyt, mar seagen him efkes letter yn in sleat lizzen. De bestjoerder is foar meardere strafbere feiten oanhâlden.

Deel dit bericht op:
Trefwoorden: 
sleat plysje flecht scooter
(advertinsje)