Foarút mei de Handel: 9 kilometer lang, 500 organisaties

30 sep 2016 - 13:42

Over een week, op vrijdag 7 oktober, gaat na jaren van voorbereiden, ontwerpen en bouwen dan eindelijk de volledige Centrale As open voor verkeer. De weg tussen Dokkum en Oudega moet het noordelijke deel van onze provincie beter met elkaar verbinden en een impuls geven. Met die insteek wordt deze zaterdag ook het project Foarút oer de as mei de Handel georganiseerd: een handelsroute voor ondernemers uit Noordoost-Fryslân van maar liefst negen kilometer, opgezet met het doel om het bedrijfsleven op de kaart te zetten.

Maar wat is er zaterdag eigenlijk allemaal te leven? En welke bedrijven staan er nu eigenlijk in die kilometerslange handelsroute? Wij legden de organisatie van Foarút oer de as mei de Handel de volgende vragen voor.

Wat is nu precies de bedoeling van het project?
''Foarút oer de as mei de Handel is foar ús in unike mooglikheid om de hannel op 'e kaart te setten. Der is yn de tarieding gearwurke mei in hiel soad partijen, wêrûnder ferskate ûndernimmingsferieningen. De reaksjes binne tige posityf. De besikers kinne sneon fan 10:00 oant 16:00 oere terjochte op it nije trajekt fan de Sintrale As, fan Feanwâlden oant Sumar. By dy dyk steane hûnderten bedriuwen, organisaasjes en sportferieningen. Se meitsje promoasje en jouwe demonstraasjes, mar der is ek in rommelmerk, muzyk en teäter. Wy wolle sjen litte wat Fryslân te bieden hat!''

Hoeveel organisaties staan er eigenlijk?
''Yn totaal steane der mear as fiifhûndert organisaasjes. Dan kinst bygelyks tinke oan bedriuwen, mar ek oan sportferieningen, skoallen en kulturele ynstellings. Der hawwe har al safolle organisaasjes oanmeld, dat wy in pear wiken lyn al fol sieten. Der koene net mear bedriuwen by. De belangstelling foar it evenemint is enoarm. Freed binne wy al begûn mei de opbou fan in tal grutte poadiums. Sneon fan 06:00 oere ôf bouwe de ferskate organisaasjes harren stands op.''

Een route van 9 kilometer, dat is een heel stuk?
''Dat is it seker. Der wurdt dan ek spesjaal rekken hâlden mei it ferfier fan de besikers. Op 'e hannelsrûte sels wurde bedriuwsauto's ynset om de besikers nei de ferskate haltes te bringen. In trajekt fan 9 kilometer is natuerlik enoarm. Dêrneist set Arriva fan Dokkum, Drachten, Bûtenpost en Oentsjerk pindeltsjinsten yn om reizgers nei de startpunten fan 'e rûte te ferfieren. Foar ien euro wurde de besikers dan nei de Sintrale As riden.''

Hoeveel bezoekers verwachten jullie zaterdag?
''It hinget benammen fan it waar ôf. Wy ferwachtsje yn elts gefal oer de 20.000 besikers hinne te gean, dy't der ferline wike ek wiene by in evenemint Sport op de As. Mar it soene der samar mear wêze kinne, de positivisten ûnder ús tinke dat der by moai waar miskien wol 40.000 oant 50.000 besikers komme. It is natuerlik ek in unike kâns om der by te wêzen, want folgjende wike giet de dyk iepen.''

Ook Omrop Fryslân maakt zaterdag deel uit van Foarút oer de as mei de Handel. Zo presenteert Diana de Groot van 13:00 tot 18:00 uur op locatie het programma Sneon yn Fryslân op Omrop Fryslân Radio. Het programma is natuurlijk ook te volgen op Omrop Fryslân Televisie. 

Deel dit bericht op:
(advertinsje)
(advertinsje)