Van oude beelden naar een nieuw programma

28 sep 2016 - 10:23

Elke woensdag is Weromrop.tv om 18.45 te zien: het video-archief van Omrop Fryslân. In het programma zijn beelden van Omrop Fryslân Televisie te zien uit de periode 1985-2005. Maar hoe komt zo’n programma tot stand? We vroegen het de maakster van Weromrop.tv: Saapke Binnema.

Twintig jaar televisie van Omrop Fryslân. Het was al een aanleiding om een video-archief 24 uur per dag online beschikbaar te maken op Weromrop.nl. Nu zijn ook samenvattingen van de mooiste beelden uit die periode elke woensdag te bekijken.

Wat is het mooiste dat je bent tegengekomen in het archief van de Omrop?
"Wat op my in grutte yndruk makke hat, is de rige oer de jierren tritich fan de foarige iuw. De dokumintêren, dy’t ek op Weromrop.nl steane fansels, binne yn 1989 makke. Dêryn wurde minsken ynterviewd dy’t de krisistiid doe noch echt meimakke hawwe. Relatyf is it noch net iens sa lang lyn, mar sy fertelle oer in hiele oare wrâld as dy’t wy kenne: earmoede, drege arbeid en in opkommende oarloch. Underwerpen binne bygelyks wurkleazens en wurkferskaffing, buorkjen yn krisistiid en de oanlis fan de Ofslútdyk. Ek al is it in âlde searje, hy is it besjen noch tige wurdich."

Hoe zoek je de beelden uit voor Weromrop.tv?
"Der is net echt in proses of in hiel hurd kritearium foar. Ik sjoch hiel simpel nei wat der al online stiet op Weromrop.nl en besykje dêr in moaie mjuks fan ûnderwerpen út te heljen. Om’t de programma’s op telefyzje oan in bepaalde lingte foldwaan moatte, sykje ik earst nei de koartere útstjoeringen. Mar it bart ek wol dat der in langer programma opknipt wurdt yn twa dielen, of dat koartere reportaazjes gearfoege wurde ta in kompilaasje. Sels fyn ik de âldste útstjoeringen út de jierren ’80 en ’90 it moaiste fanwegen it nostalgyske byld. Wat wy online sette op Weromrop.nl binne meast rigen mei moai byldzjend materiaal út de perioade 1985 - 2005. Mar ek âlde nijsreportaazjes of achtergrûnprogramma’s wurde pleatst. It aardichst is it as der in link is mei de aktualiteit."

Wat is het gekste dat er te vinden is in het archief?
"Der stiet in hiel rychje bannen mei bloopers fan kollega’s en Omropfeestjes yn it argyf! Mar dy sette we fansels net online… ;)"

Wat kunnen we de komende periode nog verwachten in Weromrop.tv?
"Der komt noch in moai SkoalTV-programma oer automatisearring út 1988 oan bar. Kompjûters en databases binne dan noch net sa bekend as no, mar der wurdt dan ek al praat oer it privacyfraachstik, dat noch hieltyd aktueel is. In oare SkoalTV-ôflevering giet oer de suvelyndustry, mei âlde bylden fan it Fries Rundvee Syndicaat en de Ljouwerter feemerk yn de Frieslandhal. Wat ek aardich is, is it programma út 1998 oer de Fryske studinteferieningen yn Grins, Utert, Enschede en Wageningen. En der komt noch in nijsgjirrich programma oer it libben fan de Fryske skriuwster Simke Kloosterman."

Hoop je ook nog op bepaalde gebeurtenissen die later voor mooi archiefmateriaal zorgen? Welke zouden dat zijn?
"Ferrassende fraach! Nee, dêr bin ik eins net hiel bot mei dwaande. Mar ik ferwachtsje dat Kulturele Haadstêd 2018 wis moai takomstich argyfmateriaal opsmite sil."

Weromrop.tv is elke woensdag om 18.45 uur te zien op Omrop Fryslân Televisie. Al het Omrop Fryslân archiefmateriaal is te vinden op Weromrop.nl.

Deel dit bericht op:
(advertinsje)
(advertinsje)