Lûk: rauw maar wel lekker

Lûk kruipt onder de huid van mensen die anders zijn. De kijker wordt meegenomen in de rauwe wereld die het gewone voorbij gaat. De reportages zijn daarom een beetje vreemd, maar wel lekker en vooral zonder taboe.
Het programma wordt gemaakt door een groep jonge enthousiaste journalisten. Twee van hen, Lennie Bronsveld en Suzanne van Zwam, stelden wij een aantal vragen over wat Lûk nu precies inhoudt:
Waar komt de naam Lûk vandaan?
Lennie: ‘’De namme Lûk is út in brainstoarmsesje ûntstien. De namme is keazen om’t der efter in lûk altyd wat sit, mar wat? Dat is in ferrassing foar de minsken thús mar somtiden ek foar ús, want miskien is it ferhaal efter it lûk wol ûnderbeljochte. Lûk stiet ek foar it Ingelske ‘look’, in blik werpe yn de wrâld fan in oar. Want wy dûke sels ek altyd yn de wrâld fan de haadpersoan sadat wy it bêste begripe kinne werom’t dy persoan foar dat libben en dy libbenswize keazen hat.’’
Wat was de aanleiding om zo'n programma te maken?
Lennie: ‘’We woene graach wat meitsje wat noch net te sjen wie by de Omrop, wat fernijends dat oare kanten fan it libben der útpikt dan dat wy normaliter sjogge. Fierder woene wy graach in programma mei en oer jonge Friezen meitsje wêryn’t rouwe ferhalen nei foaren komme. It is dus net fergelykber mei Hea!, wat mear smûk is dan fernuverjend.’’
Hoe ziet het proces van een aflevering maken eruit?
Suzanne: ’’Earst it ûnderwerp betinke troch it dwaan fan research en dan rûnfreegje en in gast derby fine. Wy hawwe neitocht oer wat wy no echt nijsgjirrich fine, mar ek oer wat wy noch nea by de Omrop sjoen hawwe. Dêrnei begjint it kontakt lizze. Guon ûnderwerpen lizze wat gefoelich, want net elkenien wol foar de de kamera fansels. Dêrtroch binne in pear ûnderwerpen ek sneuvele spitigernôch. We folgje de measte minsken meardere dagen. Dêr kinne soms moannen tusken sitte. Bygelyks by de reportaazje fan de minimalist Michiel. Dy seach ik earst yn maart en ha ik yn augustus wer opsocht yn Ingelân. Dêrtroch kinst echt de ûntwikkeling fan sa’n jonge sjen. Hiel weardefol is dat, en moai dat dat kin yn dit programma.’’
Welke onderwerpen zullen nog aan bod komen de komende weken?
Suzanne: ‘’Dizze wike rinne we mei mei in ‘drag queen’. Letterlik meirinne, op de heechste hakken dyt’st ea sjoen hast. En dan maat 45 hin! Peter, dy’t wy folgje yn dy ôflevering, is krekt begûn as drag queen. Njonken de klean en de make-up is er ek in betûft sjonger, en dat nimt er mei yn syn show. Fierder geane wy ûnder oare de doarren del mei in ‘Jehova’s getuige’ en dûke we yn de wrâld fan ‘Wicca’, in soarte fan hekserij.’’
Wat is het vreemdste of heftigste wat jullie meegemaakt hebben met de opnames van Lûk?
Suzanne: ‘’Ik trof sels in folslein lege húskeamer oan yn it hûs fan Michiel, in minimalist. Hy hie allinnich noch twa kessentsjes, en in deade plant... Kollega Johanna wie foar de opnamen yn Spanje by in bollefjocht. Dat wie ek echt wol sjokkearjend, se hat sjoen hoe’t se in ôfmakke bolle út de arena fuortsleepten.
In Fryslân Hjoed wordt elke woensdag aandacht besteed aan de reportages en Lûk is online in zijn geheel te zien op Omropfryslân.nl/luk.