Een fietspad van wc-papier? Vijf vragen over het project

15 sep 2016 - 13:20

Tussen Jelsum en Koarnjum kunt u vanaf donderdag fietsen over gebruikt wc-papier. Dat klinkt misschien wel wat vies, maar dat papier is verwerkt in het asfalt dat is gebruikt als nieuwe laag op het fietspad. Het gaat dan om de stof cellulose die in dat wc-papier zit. Bij het Wetterskip Fryslân hebben ze ontdekt hoe ze dat terug kunnen winnen uit het rioolwater. Wij stelden vijf vragen aan Yde van der Kooi, de projectleider van het wc-papier project.

Hoe zijn jullie op dit idee gekomen?
''Op in gegeven stuit fregen wy ús by it Wetterskip ôf wat wy dwaan koene mei wc-papier yn ôffalwetter. Der moast in tapassing foar wêze. Doe hearden wy dat de provinsje graach in fytspaad oanlizze woe en binne wy op ûndersyk útgien. It bedriuwslibben is derby belutsen, ûnder oare in asfaltbedriuw en in oannimmer. En no is it slagge, wy helje it papier út it ôffalwetter en ferwurkje it yn it fytspaad.''

Jullie hebben een wereldprimeur! Waarom is dit niet eerder gedaan?
''Wy tochten yn earste ynstânsje neat as it suverjen fan wetter. Tsjinwurdich witte wy dat der enerzjy en stoffen yn ôffalwetter sitte, dêr't je wat mei dwaan kinne. Der waard yn it ferline wol wc-papier út it wetter helle, mar der waard neat mei dien. Wy binne der no efterkaam dat de selluloaze fan beammen, nedich foar it produsearjen fan wc-papier, op dizze wize ferfongen wurde kin.''

Willen de aannemers het graag gebruiken?
''De oannimmers binne tige entûsjast, ek om't se troch dizze ûntwikkeling in griener imago krije. Der hoege minder beammen kapt te wurden. Dat is hiel ynteressant, ek foar de oannimmers.''

Wat wordt er op deze manier bespaard?
''De oanlis sil der net goedkeaper op wurde, mar ek net djoerder. It is benammen ynteressant foar it Wetterskip, der wurdt besparre op de suvering. Hoefolle? Ik tink dat der in oantal tonnen op jierbasis besparre wurde kin.''

Kan er nog meer met afvalwater?
''Ik tink dat wy oan it begjin stean. Yn Ljouwert helje wy bygelyks al biogas út slib. Dêrneist kinne wy ek bioplestik út ôffalwetter meitsje. Mar it binne techniken dy't tiid nedich hawwe, mar it kin allegearre wol!''

Deel dit bericht op:
(advertinsje)
(advertinsje)