Schippersportret Jeroen Pietersma

Elf dagen, veertien skûtsjes. Over veertien dagen begint het SKS skûtsjesilen, drie weken lang strijden de diverse skûtsjeschippers tegenelkaar op de Friese meren. Wie wordt de opvolger van Joure? In de aanloop naar de eerste wedstrijd op 30 jili in Grou, leggen we alle skûtsjeschippers van dit seizoen een paar vragen voor. Vandaag is het de beurt aan schipper Jeroen Pietersma.
Het doel van Pietersma (44) en zijn bemanning is om dit jaar in het linker rijtje te eindigen. Jeroen Pietersma is sinds 2014 de schipper van “De Twee Gebroerders” van Drachten. Eerder was hij schipper op het skûtsje van Langweer, bemanningslid op dat skûtsje, maar ook op De Sneker Pan en het skûtsje van Huizum en zeilde hij bij zijn broer Gerhard Pietersma op het skûtsje van Earnewâld.
Wat was jouw eerste taak op het skûtsje?
“Myn earste taak oan board wie pylder, mar dat haw ik mar twa moanne dien. Dêrnei waard ik al swurdeman. Ik fûn it skitterjend om einlik ris mei te gean op in skûtsje. As bern boarten wy altyd al op it skûtsje, dan wiene wy sabeare oan it wedstriidsilen. Mar dan is der einliks dat momint datst mei meist mei de grutte mannen. In prachtich momint.”
Welke wedstrijd is jou het meest bijgebleven?
“Fansels binne der yn de rin fan ‘e jierren in hiel soad wedstriden west dy’t my bybleaun binne. Lykas de earste kear kampioen wurde mei Douwe Visser op de Sneker Pan, of omslaan mei Drachten boppe-op it skûtsje fan it Hearrenfean en wer oerein lutsen wurde troch datselde skûtsje. Wy wûnen dy wedstriid ek noch. Mar it moaiste wie fansels dochs de wedstriid by Starum yn 2014. It wie myn earste jier as skipper op it Drachtster skûtsje. De hiele wedstriid leine wy oan kop, mar der kaam in wynskifting en wy waarden ynhelle troch De Jouwer. Mar wy bleaune rêstich en pakten De Jouwer werom om dêrnei as earste oer de einstreek te gean. Tolve grutte keardels dy’t stiene te gûlen fan blydskip. It earste jier as skipper en dan direkt in wedstriid winne. Prachtich moai, om nea wer te ferjitten.”
Hoe maak je van de bemanning een team?
“Ik bin net in skipper dy’t fier boppe de bemanning stiet. Ik bin lykas harren ien fan de ploech. Fansels nim ik de lieding wannear’t dat nedich is, mar wy binne ek freonen en akseptearje krityk fan inoar. Dit jier binne wy begûn mei teambuilding om de kommunikaasje better te krijen. Nei ôfrin fan in training evaluearje wy it silen, ûnder it genot fan in bierke. Efkes lekker âldehoere mei syn allen om de folgjende dei wer de fokus op de wedstriid te krijen.”
Wat is jouw favoriete vakantiebestemming?
“Myn favorite fakânsjebestimming is lekker farre mei ús skip. Fansels giet it skûtsjesilen foar alles, mar de wike dêrnei geane wy altyd in wike te farren. Yn dy wike efkes hielendal neat mei skûtsjes mar lekker in stikje farre, om dêrnei in moai plakje te sykjen om te barbecuen, te fiskjen en in bierke te nimmen. Koartsein: de holle leech meitsje nei alle drokte fan de ôfrûne wiken.”
Vul aan: als wij kampioen worden dan...
“Dan giet it dak derôf yn de feesttinte op it starteilân by Snits. Dan sjoch ik om my hinne en bin ik tige grutsk op de bemanning en efterban hoe’t wy dat allegearre mei-inoar prestearre hawwe. De folgjende dei farre wy dan troch nei Drachten dêr’t wy dan tsien kear troch de Drachtsterfeart farre mei it skûtsje. Dêrnei skilje ik myn baas dat ik der noch in oantal dagen fakânsje oan fêst plak, want ik wol it gefoel fan kampioen wêze salang mooglik fêst hâlde.”
Kijk voor alle schippersportretten in ons dossier en alles over het skûtsjesilen is te volgen op de Simmer yn Fryslân-site.