Marit Bouwmeester pakt eindoverwinning Delta Lloyd Regatta

Marit Bouwmeester fan Warten hat har fersekere fan de einoerwinning by de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik. De sylster wûn freed twa races en hat dêrmei sa'n grutte foarsprong op de Belgyske Emma Plasschaert, dat se yn it klassemint net mear yn te heljen is. Ferline jier wie Bouwmeester ek al winner fan de fiifdeiske sylwedstriid yn Medemblik.
"'It is altyd goed om dyn heechste nivo te heljen. En dat haw ik hjir dizze wike dien,'' zo zei Marit Bouwmeester.