Net te missen

Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen live

Fanfareorkesten út hiel Nederlân stride op 8 en 9 april wer om it kampioenskip fan Nederlân op de Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen (ONFK) yn Drachten. De optredens binne live te folgjen by Omrop Fryslân op ynternet en fia de Omrop-app.

Sjoch foar mear ynformaasje oer útstjoertiden op  ONFK

(advertinsje)

Fryslân DOK fan 10 april 2016

‘It Swarte Goud’ fan Fryslân: it Frysk hynder. Keningshuzen oer de hiele wrâld hâlde fan it hynder, de bisten spylje sels yn Hollywoodfilms en ynspirearje keunstners en sirkusartysten ta spektakulêre foarstellingen. Yn fiif dielen besiket de dokumintêre. It Swarte Goud antwurd te krijen op de fraach wêrom’t it Frysk hynder no sa bysûnder is.

Diel twa: Yn ‘e groei

Blythe Brown, de frou fan de wrâldferneamde skriuwer Dan Brown is gek mei Fryske hynders. Doe’t se jong wie foel sy fan har hynder, dêr’t sy nekkeletsel oan oerhold. Uteinlik kaam sy yn kontakt mei it Fryske hynsteras. Tichteby hûs op Skylge bringe se de rêdingshistoarje wer ta libben troch in rêdingsboatdemonstraasje mei Fryske hynders te jaan. Yn de 19e iuw wie it Frysk hynder in utering fan welstân en waard it hynder in soad brûkt foar lânbouwurk.

Snein 10 april fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 29april om 15.30 oere en snein 10 april om 13.05 oere op NPO 2.

 

Mear ynformaasje oer It Swarte Goud op omropfryslan.nl/itswartegoud

Us dieretún 9 april

Omrop Fryslân tusken de bisten

In fernijde dieretún yn Ljouwert mei nije bisten derby. Om de ûntwikkelingen rûnom AquaZoo kin eins gjinien mear hinne. Yn de spiksplinternije searje ‘Us dieretún’ folget Omrop Fryslân de ûntwikkelingen fan it fernijde AquaZoo. Hoe komt it mei de ferwachte iisbearen, hoe geane alle meiwurkers om mei de fernijingen en slagget de trochstart?

De searje ‘Us dieretún’ is fan snein 27 maart ôf sechstjin sneinen te sjen om 17.30 oere op Omrop Fryslân Telefyzje. De útstjoering wurdt dy wike dêrnei alle wurkdagen werhelle om 16.45 oere.

Gewest Fryslân fan 9 april

Hoe komme je no fan de mummys fan Wiuwert by de keatser Hotze Schuil? Yn 1990 barde dat yn in reportaazje foar Van Gewest tot Gewest. Der wie nammentlik in stripboekje makke oer Fryske tradysjes en dêr kaam dat ta yn utering en Van Gewest tot Gewest makke der itselde fan. Sa ûntstie eins in moaie dokumintêre oer Hotze Schuil. Ek in reportaazje út 1988: doe seach Van Gewest by de lêsklup fan Aldebiltsyl. Soks bestie noch, as oerbliuwsel fan de yndertiid âlde resitearklups. Ek de mannen yn Aldebiltsyl hiene allegear eigen tradysjes, lykas dat froulju net meidwaan mochten. En in moaie namme, Ledige Uren Nuttig Besteed.

Gewest Fryslân: op sneon 9 april om 17.00 oere. Dêrnei fan 18.15 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

(advertinsje)