Nepal 2016

Ferslachjouwer Gerrit de Boer sjocht op 'e nij yn Nepal

Oardel jier lyn waard Nepal troffen troch de swierste ierdbeving yn 80 jier. Tûzenen minsken kamen om it libben en yn it hiele lân wie de skea enoarm. Ferskate Fryske organisaasjes binne aktyf yn it earme lân. Nei de ierdbeving waard hjir mei-inoar 250.000 euro ynsammele.

Yn oktober 2015 gie ferslachjouwer Gerrit de Boer nei Nepal ta om te sjen by de weropbou fan de Fryske projekten. No, in jier letter, reizget Gerrit de Boer opnij nei Nepal. Hoe is it no mei it lân, de befolking en yn it bysûnder de Fryske projekten?

Alle dagen docht Gerrit ferslach op Omrop Fryslân Radio en hy fersoarget op ynternet en de omrop-app in flog. Dat is fan 29 septimber oant en mei 13 oktober.

(advertinsje)

Froukje yn aksje foar skoallen yn Nepal

Moandei 17 oktober: Weropbou Nepal begjint no pas echt op gong te kommen

"Oeral en nergens begjinne minsken mei de weropbou." Dat is de earste konklúzje fan Omrop Fryslân-ferslachjouwer Gerrit de Boer dy't yn Nepal wie. It lân waard in jier lyn troffen troch in swiere ierdskodding. Gerrit beseach de skea en de weropbou, benammen fan in Frysk skoalleprojekt dêr.

"Guon oplossings binne tydlik, lykas it reparearjen fan in hûs mei golfplaten," seit De Boer. "Mar der wurdt ek in hiel protte boud. Yn de haadstêd dêr'tst in protte nije gebouwen stean sjochst, mar ek yn de bergen begjint it no op gong te kommen.

Nijbou njonken boufal

Yn de bergen binne echt dúdlik minsken dy't njonken harren boufal begjinne mei de bou fan in nij hûs. Al hat dat noch wol wat fuotten yn de ierde, want se krije in bydrage fan sa'n 3000 euro fan it regear, mar dat jild komt mar dreech harren kant út."

Fêst yn de modder

It wie foar Gerrit de Boer en de minsken fan it skoalleprojekt fan de Fryske stichting SMPN dreech om op de plakken te kommen dêr't it wurk fan de Friezen benammen plakfynt. It reisselskip moast ferskate kearen de Jeep út de modder weihelje. Dat kaam troch it swiere moessonseizoen dy't it lân hân hat, mei in soad rein.

Skoallen besjen

Froukje Nijholt is ien fan de minsken dy't by it skoalleprojekt belutsen is. It wie foar har in drege tocht by de skoallen del, mar wol in reis dêr't se tefreden op weromsjocht: "It doel is berikt. Wy woene de skoallen besjen. Boppedat woene wy sjen wêr't al dat jild fan ús sponsors bedarre is, want wy fine it ek ús plicht om dat ek yn byld te bringen."

Nij projekt

De stichting hat al wer wat nijs op it each. "Wy hawwe alwer in nije skoalle sjoen. Wy hawwe as bestjoer ek ôfpraat dat we de kommende tiid wer ien of twa skoallen bouwe sille, en dat wy in protte lytsere projekten stypje sille."

Vlog 2: It feest fan de iepening

Gerrit de Boer is mei de stichting SMPN op paad. Sy bouwe en werbouwe op it stuit in soad skoallen. De iepening wurdt fan sa’n nij gebou wurdt fansels fierd.

Sjoch foar mear ynformaasje oer SMPN op harren webside. (link nei: http://www.studentenprojectnepal.nl/)

Vlog 1: De reis nei de berchdoarpkes

It falt net ta om by de berchdoarpen te kommen, dy't troffen waarden troch de ierdbeving. Ferslachjouwer Gerrit de Boer hat der in vlog oer makke.

Freed 7 oktober 2016

Wy ha wer in hiele reis makke. De ôfrûne dagen rûnen we fan skoalle nei skoalle. Mei de auto binne de doarpen net te berikken. We komme sa wol op in protte moaie plakjes heech yn de bergen. Mar troch de lange moesson en de wolken wienen de snietoppen fan de Himalaya jammer genôch noait te sjen (foto 1).

Dan wer nei de werbou fan al dy skoallen dy't ferneatige waarden troch de ierdbeving. SMPN is noch hieltyd drok dwaande mei bouwen. En dat sit net altyd mei. Sa is de bou fan de twa skoalgebouwen yn Sulikot noch lang net klear. Allinnich it fûnemint en it dak steane. Troch de moesson en de rúzje tusken India en Nepal koe hjir lang gjin materiaal oanfierd wurde. De hoop is dat de bou begjin desimber klear is (foto 2). De skoalle yn Ratmate is al wol klear (foto 3).

Yn it doarp Amela ha se in hiel oar probleem. By de skoalle dêr binne in pear moannen lyn 42 wees- en healwezen oanrûn kaam. De skoalle fangt se foarearst op en SMPN hat 5000 euro skonken. Mar de bêrn foarmje in dilemma omdat se net passe yn de doelstelling fan SMPN. De stichting kin net eltsenien opfange. Hoe't it fierder moat is noch ûnwis (foto 4).

Dan noch in aardige foto fan ús sliepplak (foto 5). Moarns ierenbetiid om healwei seizen út de tinte op it skoalplein yn Pandrung. Hjir is in nije skoalle delset. By de beam stiet noch in bult stiennen fan de ferline jier ferwoeste skoalle.

Tongersdei 6 oktober 2016: fan iepening nei iepening

Wy sitte midden yn in gebiet dat swier troffen waard troch de ierdbeving. Yntusken wurdt der wer boud, lykas in Baluwa. Mar de bou oan de skoalle dêr is fertrage troch in boykot fan 9 moannen fan it Indiaaske regear tsjin Nepal en troch de lange moesson. Der wurdt no folop wurke, sa'n trijekwart stiet der al. Oer in moanne moat alles klear wêze. (foto 1)

Yn Churung is de nije skoalle al wol klear. De iepening wurdt dien troch Froukje Nijholt en Gerda Breeuwsma fan SMPN. Op de muorre fan it gebou stiet skreaun: "This building is supporterd by VEN-SMPN." (foto 2)

SMPN wurket yn de doarpen gear mei de doarpsûntwikkelings-organisaasje VEN út it distrikt Gorkha. Dy bestiet út leararen en tal fan oare frijwilligers. Sy meitsje de realisaasje en kontinuïteit fan skoalprojekten mooglik. Fanwege de burokrasy yn Nepal is it foar bûtenlânske organisaasjes tige dreech om projekten fan de grûn te krijen. VEN is de oalje yn de masine foar SMPN. (foto 3)

Op alle skoallen dêr't wy komme rinne de bern massaal út om de gasten wolkom te hjitten. Ek al is it yn oktober nasjonale fakânsje fanwege it Dasain feest. Under oaren yn Amale dêr't mei help fan SMPN twa nije skoalgebouwen del set binne. (foto 4)

Safier is it yn Kaleri noch lang net. De skoalle hjir, foar 200 bern út 11 doarpen út de omjouwing, leit noch folslein yn pún. De skoallieding sit bûten te fergaderjen. SMPN is fan plan in nije skoalle del te setten. It wurdt de tsiende skoalle fan de stichting yn Nepal. It Nepaleeske regear docht oant no ta neat. (foto 5)

Moandei 3 oktober 2016

Wy binne juster oankaam yn it berchgebiet Gorkha. It wie in drege reis. Mei trije jeeps oer minne wegen. We ha sels trije kear fêstsitten en de tredde kear wie ús auto ek noch stikken. En dus moasten we fierder rinne, yn it tsjuster.

Hjoed wiene we by de iepening fan twa nije skoallen yn Takukot en Pandrun. It wie dêr grut feest op syn Nepaleesk. Mei muzyk, dûns en ek lange speeches yn de baarnende sinne. Mar hoe dan ek: der steane wer moaie nije skoallen dy't, miskien wol it belangrykste, tsjin in ierdbeving kinne.

Tongersdei 29 septimber 2016

Gerrit is yn haadstêd Kathmandu en sjocht by ferskate Fryske projekten foar studinten.

Folgje Gerrit de Boer op Twitter

    Gerrit de Boer docht ek ferslach op Twitter.

    (advertinsje)
    (advertinsje)