Fryske Muzykwike

Noardewyn giet lokaal

Omrop Fryslân Radio en Televyzje

Fan moandei oant en mei tongersdei hat it radioprogramma Noardewyn in pear ekstra presintatoaren! Ko-presintatoaren fan 'Radio Mercurius', 'Radio Gasterlân', 'Radio Boarnsterhim' en 'Radio Eenhoorn' litte harren stim hearre en prate mei oer Fryske muzyk. Harkje nei dizze bysûndere útstjoerings en kom mear te witten oer de Fryske muzyk!

Noardewyn, fan moandei oant en mei freed om 13:00 oere op Omrop Fryslân Radio en Televyzje.

Fryske Muzykwike by de Omrop

Frysker wurdt it net!

Dizze hjerstfakânsje is it wer Fryske Muzykwike by Omrop Fryslân! Yn dizze wike, dy’t hielendal yn it teken stiet fan Fryske muzyk, is der allinnich mar Fryske muzyk op ‘e radio te hearren en wurde harkers en sjoggers aktyf belutsen by de ferskate muzykprojekten. Alle muzyksjenres komme foarby: Fryske popmuzyk, bekende rocknûmers, mar ek fleurige meisjongers: foar elkenien sit der wol wat tusken.

Moandei 22 oktober giet de Muzykwike fan start. Alle dagen is der omtinken foar Fryske muzyk en Fryske artysten. Ek komme der oare Fryske promininten yn ‘e studio om wat te fertellen oer bepaalde ûnderwerpen dy’t mei Fryske muzyk te krijen hawwe. Doch mei oan de ferskate spultsjes en win ien fan de moaie prizen!
It wurdt in moaie wike grôtfol Fryske muzyk en mei op sneontemiddei 27 oktober in knallende ôfsluting. Dan is de start fan de stimmerij foar de Fryske Top 100, mei ûnder oaren in optreden fan Die Twa en de release fan de nijste Top 100 CD.

De Fryske Muzykwike, fan moandei 22 oant en mei sneon 27 oktober op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM en Omrop Fryslân Televyzje.

De 100% Fryske Covercontest

In unike kâns

Dit jier krije Fryske muzyktalinten in unike kâns om twa kear yn it teater te stean op ‘De Fryske Music Night: 100% Frysk’! Dy priis is te winnen yn de coverwedstriid dy’t Omrop Fryslân en de Fryske Music Night dizze Muzykwike tegearre organisearje.

Yn de wedstriid meitsje muzikanten in hiel eigen ferzje fan in hit út de Fryske Top 100. Ut alle ynstjoerings wurde fjouwer finalisten selektearre troch in saakkundige sjuery, besteande út Syb van der Ploeg, Tet Rozendal en Omrop-presintator Wim Brons. De finalisten trede yn de Fryske Muzykwike op yn Noardewyn, live op Omrop Fryslân Radio. De winner wurdt bekend makke op freedtemiddei 26 oktober en treedt noch dyselde jûn op yn de Lawei yn Drachten op de ‘Fryske Music Night: 100% Frysk’. It twadde optreden folget op 23 novimber yn De Harmonie yn Ljouwert. Omrop Fryslân Televyzje makket ek opnamen, dy’t letter útstjoerd wurde sille.

It belooft in nijsgjirrige wedstriid te wurden, mei as hichtepunt it optreden op de Fryske Music Night, dy’t dit jier foar it earst mei allinnich mar artysten fan Fryske boaiem is. De winner treedt dus op mei artysten lykas: Die Twa, Mirjam Timmer, De Kast en Tet Rozendal. Folgje de Covercontest en bliuw op ‘e hichte!

(Meidwaan is net mear mooglik, ynstjoere koe oant moandei 15 oktober.)

De Reade Tried

Yn de muzykwike stiet ek de Reade Tried alle dagen yn it teken fan de muzyk. De stelling giet bygelyks oer it belang fan de klean of in fideoklip by in artyst. Reagearje fia readetried@omropfryslan.nl, op de reaksjetelefoan: 058 7009 777, of twitterje mei #readetried. Stimme kinne fia de poll op ynternet: www.omropfryslan.nl

De Fryske Top 100 ôftraapdei

''Stim op dyn favorite Fryske Top 100 hit''

De lêste dei fan de Fryske Muzykwike is tagelyk ek de ôftraap fan it stimmen foar de Fryske Top 100. Die Twa sil dan de trije moaiste Twithits ynsjonge en dêr in pear leuke deuntsjes by meitsje. Dêrneist jout Die Twa ek in minikonsert yn de studio, harkers kinne dêr kaarten foar winne troch nei it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw te harkjen. Dizze dei is ek de release fan de nijste Top 100 CD, wêrby't Omrop-presintator Wim Brons de trouste Top 100 stimmers op in Top 100 taart traktearret. Oftraap fan de Fryske Top 100, sneon 27 oktober om 13:00 oere op Omrop Fryslân Radio en Televyzje.

De Poster Coaster

Win in bysûnder húskeamerkonsert

Nei it sukses fan ferline jier, is ek dizze Fryske Muzykwike de Poster Coaster der wer. Dêrmei binne spesjale muzykprizen te winnen. De unike Fryske Muzykwike Poster is te finen yn de Weekkrant, mar ek del te heljen fan de website www.omropfryslan.nl. Hingje de poster efter dyn rút en lit ús witte wêr’tst wennest fia poster@omropfryslan.nl. Stjoer, as it kin, ek in foto mei fan hoe’t de poster foar dyn rút hinget.
Alle dagen fan de Muzykwike giet de ‘Poster Coaster’ fan de Omrop de provinsje yn, op ‘e sneup nei de posters. Bellet hy of sy by dy oan? Dan winsto in prachtige priis!

"Piter Wilkens by dy thús?!"

De winners krije nammentlik in húskeamerkonsert fan in Fryske artyst. Wa wit stiet aansen bygelyks Anneke Douma, Piter Wilkens of De Hûnekop by dy yn ‘e húskeamer in live optreden te jaan!

Alle dagen wurde der trije húskeamerkonserten fuortjûn. De konserten binne ek te hearren yn de útstjoerings fan Omrop Fryslân Aktueel en Muzyk yn bedriuw. Dus hingje de poster efter dyn rút en wa wit komt de Poster Coaster wol by dy del yn de Muzykwike...

 

De Hitmiks

Ried it liet!

Dizze Muzykwike is der in nij muzykspultsje! Is in liet noch wol te werkennen as de tekst en de melody troch elkoar mikst binne?

"Doch mei en win moaie prizen"

Yn de Hitmiks wurdt de tekst fan in Top 100 hit ynsongen op de ferkearde melody. Witsto de titels fan beide hits?
Fan moandei oant en mei sneon kinst meispylje mei de Hitmiks. Twa kear deis wurdt der in Hitmiks draaid op Omrop Fryslân Radio. Komsto yn ‘e útstjoering en is dyn antwurd goed? Dan winst in splinternije koptelefoan fan Omrop Fryslân!

Boppedat makkest as winner ek nochris kâns om yn ‘e finale te kommen op sneon 27 oktober. Twa winners stride dan tsjin elkoar foar de haadpriis: in wykeintsje fuort nei it Amelân yn de Keunstmoanne! Harkje dus fan moandei 22 oktober ôf alle dagen nei de Hitmiks.

Reagearje op dit nije muzykspultsje kin fia hitmiks@omropfryslan.nl, wy heare graach dyn reaksje!

Meitsje in hit mei de Twithit!

Twitterje in kreative tekst!

Omrop Fryslân is dizze Muzykwike noch ynteraktiver! De Twithit is nammentlik it nije bysûndere spultsje wêrby’t de Twitteraars sels ferantwurdlik binne foar de tekst fan in koart ferske.

Yn dizze wedstriid is Twitter it medium wêrmei’t dielnimmers meidwaan kinne. By de Twithit kinne harkers en sjoggers in songtekst skriuwe fan maksimaal 140 tekens en dêrnei op Twitter pleatse mei #Twithit. Meidwaan kin fan moandei 22 oant en mei tongersdei 25 oktober. De ynstjoerde Tweets komme alle dagen yn byld by de útstjoerings fan Noardewyn op televyzje.

Die Twa beoardielt alle Twithits. De trije moaisten wurde dêrnei troch Die Twa sels op muzyk setten en songen by de ôftraap fan de Fryske Top 100 op sneon 26 oktober. Wolsto de nijste Twithit skriuwe? Doch dan mei en Twitterje in kreative tekst!

De Twithit, fan moandei oant en mei tongersdei yn Noardewyn op Omrop Fryslân Radio én Televyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)