Loftmachtdagen

  

De Nederlânske loftfloat is behoarlik ûnberikber fanwegen feilichheidsredenen. Mar by de Loftmachtdagen op freed 10 en sneon 11 juny op de fleanbasis yn Ljouwert is dat hiel oars. Omrop Fryslân sit hjir boppe-op en hâldt minsken op ‘e hichte fan alles wat harren om de earen fljocht wilens de Loftmachtdagen.

Fleanshows, demonstraasjes en in blik efter de skermen, alles is te folgjen. Ferskate ferslachjouwers binne op de basis mei de iepen dagen en litte minsken thús safolle mooglik sjen en hearre wat dêr bart. Oan de fêste radioprogramma’s op freed en sneon wurde ekstra nijsblokjes taheakke mei dêryn praktyske ynformaasje oer it ferkear, tal besikers en mooglike maatregels.

Ek op Omrop Fryslân Telefyzje is it allegear te folgjen. Fia visualradio binne bylden fan de fleanshows, de ferslachjouwers op lokaasje en de fêste presintatoaren yn de Omrop Fryslân studio te sjen. Fysyk is Omrop Fryslân ek oanwêzich op de basis, mei in terraswein en grut skerm mei dêrop de live bylden oangeande de Loftmachtdagen.

Online is de Omrop ekstra aktyf by de Loftmachtdagen. Fia in live-blog is alles, mar dan ek alles, te folgjen. Mei filmkes, sfearbylden en ynformaasje wurdt online breed ynset. Twitterje kin fia #fleanbasis, Twitter wurdt ek brûkt om praktyske ynformaasje lykas oer it ferkear en it tal besikers te dielen.

Loftmachtdagen 10 en 11 juny
Radio: de hiele dei omtinken yn alle radioprogramma’s
Telefyzje: fan 09.00 oant 17.00 oere visualradio mei bylden fan de shows en bylden op
de basis
Online: alles oer de Loftmachtdagen, de liveblog, livestreams en de ûntwikkelingen fan de dei binne te finen op Omropfryslan.nl/loftmachtdagen en op de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)