Klipkar TV

Klipkar 24 oere deis

Fryslân stiet stiif fan de bandsjes en muzikanten. It televyzjeprogramma Klipkar+ is dan ek al jierren in grut sukses.

Om dêr noch mear fan sjen te litten, hat de Omrop de non-stop ynternetstjoerder Klipkar TV yn de loft brocht. Fan Ilanois oant Piter Wilkens en fan De Kast oant A Silent Express; alles komt foarby. 24 oeren deis, de bêste pop út ús eigen provinsje.

Klipkar TV is altyd op syk nei nije klips. Alle muzikanten en bands kinne harren klip opstjoere nei: Klipkar TV, Postbus 7600, 8903 JP Ljouwert. Of maile nei: klipkar@omropfryslan.nl.

Live kanalen

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Wa't in Facebook-account hat, moat net seure oer privacy
Iens, tsjinwurdich wurdt werklik alles dield. Gjin wûnder dat advertearders dêr ynteresse yn hawwe
42%
Ûniens, dat ik sels in Facebook-account ha wol net sizze dat myn gegevens as hannelswaar brûkt wurde meie
36%
Wit net, ik sit net op Facebook
21%
Totaal tal stimmen: 113

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl