Oer de Omrop

Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân. Omrop Fryslân makket radio en telefyzje yn it Frysk, dêrmei is de omrop de ienige stjoerder fan Nederlân dy’t net yn it Nederlânsk útstjoert. Omrop Fryslân is in sterk merk, fan betsjutting foar de Fryske mienskip as medium dat de kultuer en de mienskipssin yn ús provinsje fersterket.

Missy

Omrop Fryslân wol yn it eigen gebiet it liedend mediabedriuw wêze en midden yn de Fryske mienskip stean.

Stifting Omrop Fryslân is de publike regionale radio- en telefyzjestjoerder yn Fryslân. Fanwegen de status fan it Frysk as twadde rykstaal, makket Omrop Fryslân ek dokumintêres en skoaltelefyzjeprogramma’s foar de lanlike publike omrop. 

Omrop Fryslân stiet foar de ambysje om it liedend ynformaasjesintrum fan Fryslân te wêzen.

De namme ‘Omrop Fryslân’ hâldt yn: regionaal werkenber, aktueel, ûnôfhinklik, betrouber, tagonklik, ûnderhâldend en divers. En fansels: Frysk en fan belang en ynteressant foar elk diel fan Fryslân en foar alle Friezen.

Fierder is Omrop Fryslân ek it poadium foar maatskiplike diskusje yn dizze provinsje en belutsen by en ûnderdiel fan it deistige Fryske libben. Dat blykt ek út de fiertaal yn de programma’s: it Frysk. In publike omrop is gjin ynstitút foar taalbefoardering, mar Omrop Fryslân is wol ien fan de wichtichste aktoaren yn it belied ta en it behâld en befoardering fan dizze taal.

Kalamiteitestjoerder

Omrop Fryslân is de saneamde kalamiteitestjoerder foar Fryslân. Yn gefal fan slimme kalamiteiten fungearret de stjoerder as offisjeel kanaal om it folk te ynformearjen. Omrop Fryslân is mei it each op de alarmmeldings oansletten by it saneamde Nationale Noodnet (NN). Dat ekstra befeilige telefoannet wurket neist alle gewoane kommunikaasjelinen. Om ek draaie te kinnen as de stroom útfalt, beskikt Omrop Fryslân oer in needaggregaat.

(advertinsje)