Iepenloftspullen 2017

Net yn de kreaze klean op it sêfte plús, mar ûnder in tekkentsje, yn waar en wyn op hurde houten bankjes. Je moatte der wat foar oer hawwe om in iepenloftspul te besjen. Dochs komme der alle jierren wer mear as sechstich tûzen besikers nei it Frysk toaniel yn de iepen loft.

Spesjaal foar dy minsken hat Omrop Fryslân in eigen plakje op de site ynromme. Mei alle ynformaasje oer de iepenloftspullen fan dit jier. Eksklusive filmkes oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn al dy doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.

Kiesto dit jier foar ‘De Lytse Prins’ yn Opsterlân, sikesto it fertroude gefoel yn Jorwert of stiesto iepen foar in nije ûnderfining yn Spannum? Op dizze side kinsto alles op dyn gemak besjen. Bist der út? Skriuw dy dan hjir yn en meitsje kâns op frijkaartsjes yn ruil foar in resinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)
(advertinsje)