Hea!-liet

Hea! hat in oprop dien oan de harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân om mei te helpen oan in nij liet. It wurdt in liet oer Hea! en alles dêr’t it programma foar stiet: gewoane Friezen, bysûndere ferhalen, drûge humor en Frysk.

Foar it nûmer binne der tsientallen wurden, teksten en sels hiele refreinen ynstjoerd. Mei dy ynstjoeringen hat Piter Wilkens in tekst en melody skreaun.

Mar dat betsjut net dat it liet klear is, want it moat noch ynsongen wurde en der wurdt in fideoklip opnommen. Jong en âld, suver of falsk; tsientallen sjongers ha harren opjûn om mei te sjongen. De Hea! redaksje hat in seleksje makke.

Binne jo benijd nei hoe it giet mei it liet?
Folgje de wyklikse update fan it Hea!-liet yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân, om likernôch 14.15 oere, en sjoch reportaazjes of ‘efter de skermen’- bylden op dizze pagina.

(advertinsje)

(advertinsje)
(advertinsje)