Fryslân sûn

Goed ite en mear bewege! Mar foaral ek: sûn ite en op de goede wize bewege. Wa wol dat no net?
Fryslan sûn jout jo tips oer hoe dit te dwaan. Sadat we mei-inoar sûner en fitter wurde.

Mei tv-kok Reitse Spanninga en diëtiste Lysbeth Rubingh.

(advertinsje)

D-day, de Mar-athon moat no echt rûn wurde

De Mar-athon sneek en meer komt hieltyd tichterby..

As je drave dan is it wol lekker om in doel te hawwen. Wy folgje Ronnie, Marrit en Anne yn de oanrin nei de 'Mar-athon Sneek en meer' dy't oare wike is. Us dravers binne alle sneonen yn training foar de 7,5 km ûnder lieding fan hurdrincoach Arjen Visserman. De hurdrincoach en sjonger en draver Syb van der Ploeg hawwe in soad minsken oanstutsen mei it draaffirus.

Resept fan de wike: grille!

Klik hjir foar de sûne resepten fan Reitse Spanninga.

Tips fan diëtiste fan Lysbeth 
‘Natuerlike sûkers’ lykas huning, reidsûker, palmsûker, kokosblossemsûker, ahornsjerp en agavesjerp binne net better as gewoane sûker. Want dyn lichem sjocht it ferskil net. Produkten dêr’t fan himsels al sûker yn foarkomt (bygelyks fruit) leverje neist sûker ek noch oare fiedingsstoffen dy’t belangryk foar de sûnens binne. Dêrom hat dit wol de foarkar.

Brûk safolle mooglik farske produkten by it itensieden en tarieden dêrfan. Hjir is gjin (ekstra) sûker oan taheakke.
Yn drinken kin in soad sûker sitte, ek in glês limonade kin wol 6 klontsjes sûker befetsje. Ek de term light is gjin garânsje dat der gjin sûker yn sit. Light wol sizze: 30% minder sûker, enerzjy (kcal) of fet. It etiket neilêze is dêrom hiel belangryk.

De maraton Sneek en Meer smyt oanmeldings op út ûnferwachte hoeke...

Noch fiif wiken en dan is it safier: de maraton Sneek en Meer. Wy folgje Anne, Ronnie en Marrit yn de tarieding. Mei it geloksnivo fan de groep dy't alle sneonen traint sit it ek wol goed. Sterker noch, de groep wurdt hieltyd grutter. Dat is moai, want dat is ek it doel fan Fryslân sûn. En wy binne eins wol benijd oft Henk van der Veer, de stedsdichter fan Snits, mei syn maten der ek wer by is. Want ek sy wurde fanatiker...

Ai.. Hasto ek al lêst fan de earstje pyntsjes?

En dan binne je begûn mei hurddrave, ha je de skema's útgebreid bestudeard op de webside Fryslân sûn of dy fan Maraton sneek en meer. It giet lekker, do fielst dy fit, mar dan nei dy earste pear wiken komme de earste pyntsjes... No, let dan op, want we skuorre je der troch.

Wat is Fryslân sûn? Syb leit út!

(advertinsje)
(advertinsje)