Wolsto ek in húskeamerkonsert fan in Fryske top 100-artyst?

Op de dei dat de wintertiid offisjeel yngiet, 29 oktober, wurdt de stimbus foar de Fryske top 100 iepene. Fan dat momint ôf kinne minsken harren favorite Fryske nûmers trochjaan op Frysketop100.nl. De stimbus wurdt dy sneons iepene troch De Kast en Piter Wilkens by Diana de Groot yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân. De muzikale mannen fersoargje dêrnei húskeamerkonserten troch de hiele provinsje hinne. Foar dy, mar ek foar de buorlju, dyn bern, foar pake en beppe, dyn freonen of dyn kollega’s. Want de Fryske artysten (en wy ek!) litte ús graach ferrasse.

Wolsto in konsert by dy thús? Dat kin! It iennige datsto hoechst te dwaan, is dysels efkes oanmelde, mei it ûndersteande formulier.

De konserten binne op sneon 29 oktober fan 14.00 oant 17.00 oere. As wy by dy delkomme, nimme wy fansels kontakt op oer de krekte tiid. Ferjit dyn telefoannûmer dus net.

Tinksto dat der in ekstra goeie reden is wêrom’t we krekt by dy delkomme moatte? Lit it ús mar witte!

(advertinsje)
(advertinsje)