Net te missen

    100 bern, kâns of katastrofe?

    Fryslân DOK op tongersdei 25 april 2013

    De Underwiisried hat de minister advisearre alle basisskoallen mei minder as 100 learlingen te sluten. Foar it basisûnderwiis yn Fryslân soe dat enoarme gefolgen hawwe. Fryslân hat fan âlds de measte lytse skoallen fan hiel Nederlân. Troch de krimp fan de befolking nimt it oantal learlingen ôf, benammen op in soad doarpsskoallen.

    In oantal skoalbestjoeren hat dêrom al besletten om har doarren te sluten, of der wurde lytse skoallen gearfoege. Neffens de Underwiisried moat dat allegearre folle flotter. No is de opheffingsnoarm noch 23 bern; oer 5 jier moatte op elke basisskoalle op syn minst 100 learlingen sitte, sa advisearret de Ried. Allinnich dán kin kwalitatyf goed basisûnderwiis yn plattelânsgebieten ek yn de takomst garandearre wurde. Fryslân hat no 470 basisskoallen. As de minister it advys fan de Ried opfolget, sil de helte syn doarren slute moatte. Nel Haarsma is wethâlder Underwiis yn de gemeente It Bilt. As de minimale opheffingsnoarm nei 100 bern giet, sil Haarsma 8 fan de 11 basisskoallen yn har gemeente slute moatte.

    Yn dizze dokumintêre fan Fryslân DOK lit Haarsma sjen hoe’t har gemeente omgiet mei de problematyk fan de lytse skoallen. De gemeente hat yn 2006 al in skoaltsje mei 17 learlingen slute moatten. Mar de wethâlder wol yn alle gefallen dat der ien skoalle bestean bliuwt yn elk doarp, omdat in skoalle sa wichtich is foar de leefberens yn in doarp.

    Haarsma: “Fan skoallen mei minder as 23 learlingen moatte wy echt ôfskie nimme, dat is net mear fan dizze tiid. Mar 100 learlingen yn in tinbefolke gebiet is echt te heech. ‘Randstedelijk denken’ neamme wy dat, dêr’t wy op it plattelân neat mei kinne.”

    Fryslân DOK, om 17:10 oere en dêrnei fan 18:25 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

    Ferkiezing Fryske Undernimming 2013 live

    Tiisdei 23 april

    Op tiisdei 23 april is de finale fan de ferkiezing ‘Fryske Undernimming fan it Jier 2013’. Dy is live te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Al sûnt 1989 wurdt de ûndernimmingspriis jierliks útrikt oan de bêste Fryske ûndernimming. De presintaasje fan de finale is yn hannen fan Eric Ennema fan Omrop Fryslân.

    Der binne fjouwer nominearren: Tuinbouw Hartman yn Seisbierrum, Steensma yn Ljouwert/Frjentsjer, Ecostyle yn Appelskea en Spruyt Arkenbouw op It Hearrenfean. Sy hawwe harren wiidweidich presintearre yn twa programma’s, dy’t útstjoerd binne op Omrop Fryslân Televyzje op tongersdei 11 en 18 april. De bedriuwen hawwe alle fjouwer in krityske, saakkundige sjuery op besite hân, besteande út: Diana Monissen (foarsitter ried fan bestjoer De Friesland Zorgverkeraar), Piet Smit (direkteur Poiesz Supermarkten), Hans Snijder (haadredakteur Ljouwerter Krante) en Hans Konst (deputearre Provinsje Fryslân).

    Yn de finale wurde de nominearren mei filmkes nochris koart presintearre. Oan ‘e hân fan de punten, dy’t jûn wurde troch de sjuery en it oanwêzige publyk, bliuwe der noch twa bedriuwen oer. Dêrnei wurdt de winner bepaald troch de stimmen dy’t binnen kaam binne fia ynternet, it publyk by de útstjoering en de sjuery

    De finale fynt plak by Philips yn Drachten. Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân, John Jorritsma, sil de priis útrikke oan de bêste Fryske ûndernimming fan 2013.

    Finale Ferkiezing Fryske Undernimming fan it jier 2013, fan 18:20 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje.

    De Kroaningsdei by Omrop Fryslân

    Tiisdei 30 april

    30 april is it de dei fan de troanwiksel. Dan is de abdikaasje fan keninginne Beatrix en de ynhuldiging fan prins Willem-Alexander as nije ‘Koning der Nederlanden’. Omrop Fryslân besteget fansels in soad oandacht oan dy spesjale dei, ék yn dagen foar de troanwiksel al. De nijsprogramma’s sille yn de oanrin nei 30 april royaal omtinken jaan oan alderhande ‘oranje-saken’. Fan tongersdei 25 april ôf binne der alle dagen reportaazjes yn Hjoed en Omrop Fryslân Aktueel wêryn’t foarút sjoen wurdt nei de Kroaningsdei en wat Friezen dêr mei dogge. Yn Hea! wurdt yn de lêste útstjoerings fan april ek omtinken jûn oan it fuortgean fan Beatrix en de komst fan de nije kening. Omrop Fryslân Radio stjoert op 29 april om 20:30 oere de ôfskiedstaspraak fan Beatrix út.

    Op de Kroaningsdei sels is de Omrop der ek by mei radio en jûns yn Hjoed. Douwe Boersma docht ferslach fan de aventoeren fan de Friezen dy’t útnoege binne om by de plechtichheid te wêzen yn de Grote Kerk yn Amsterdam. Fierders de hiele dei fansels reportaazjes oer alles dat yn Fryslân oan festiviteiten organisearre wurdt.

    De radioprogramma’s Muzyk yn Bedriuw (tusken 10:00 en 11:00 oere) en Noardewyn (tusken 14:00 en 15:00 oere) wurde op 30 april ûnderbrutsen troch in oere útstjoering fan de Radio Nieuws Centrale út Hilversum wei, foar in ferslach fan de ynhuldiging yn Amsterdam. Mei oranje-saakkundige Bearn Bilker wurdt weromsjoen op de dei.

    Jûns stjoert Omrop Fryslân Televyzje ‘Beatrix yn Fryslân 1980-2013’ út. In weromblik op al dy kearen dat de keninginne yn Fryslân wie. Fan Keninginnedei yn ferskate Fryske plakken, oant wurkbesites en ûnferwachte moetings.

    In libjend skilderij

    MUSE op sneon 27 april

    Sneon is alwer de sechsde ôflevering fan MUSE te sjen. Der binne noch 7 amateurkeunstners oer yn de striid om in eksposysje yn it nije Fries Museum.

    Hjoed moatte de dielnimmers harren nije wurk sjen litte, dat ynspirearre is op ien fan de topstikken út de kolleksje fan it Fries Museum. Ien kear hawwe sy de help ynroppe kinnen fan art director en ûntwerper Menno Landstra. It each fan de sjuery sil strang wêze, en it oardiel hurd. Guon kandidaten komme mei ferrassende resultaten, oaren hawwe it der sichtber swier mei hân. Komme sy mei in eigentiidske fersy fan it wurk fan keunstskilder Alma Tadema, of wurdt it in replika? Kok Sjoerd-Jan Edelenbos driget yn tiidneed te kommen mei de opbou fan in hiel grut (én libjend) skilderij.

    MUSE, fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

    Loverboys yn it twadde seizoen fan I.K.

    Freed 3 maaie

    Nei it suksesfolle earste seizoen fan I.K. komt Omrop Fryslân trije maaie mei in splinternij twadde seizoen fan de spannende jongereinsoap: I.K. Wyn en Wetter. Mei in nij ferhaal, in oare omjouwing en nije akteurs. Mar benammen ek in nij en aktueel tema: ‘loverboys’. In fenomeen dat ek yn Fryslân faak foarkomt. I.K. Wyn en Wetter spilet him hielendal ôf op en om it wetter yn Fryslân. Haadpersoanen Rutger en Jildou geane mei de skoalklasse in wike op sylkamp. Harren nije klassegenoat Jeroen is der ek by en dy lit him goed jilde, tegearre mei syn maat Michael. Jildou wurdt fereale op Jeroen en dat liket fan twa kanten te kommen. Rutger fynt dat ferfelend, omdat er Jeroen net fertrout. Mar Jildou pikt syn beswieren net en docht it ôf as oergeunst. De ienige dy’t each hat foar Rutger, is sylynstruktrise Lieke. Mar wa is eins dy man op dat djoere jacht en hoe ken dy Jeroen?

    Yn de earste ôflevering geane giet de klasse op skoalkamp. Foaral Jildou hat der sin oan om efkes fan hûs te gean, want it giet net goed tusken har heit en mem. Op kamp lit Jeroen blike dat er in eachje op har hat, en dat lit Jildou net kâld. Rutger trouwens ek net; dy liket sa jaloersk as de duvel te wêzen. Of hat er in goede reden om Jeroen en syn maat Michael, dêr’t er troch pesten wurdt, net te fertrouwen?

    Tsjek TV, tiisdei om 13:00 oere online op I.K. Wyn en Wetter, om 17:05 oere en dêrnei fan 18:20 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

    Direkteur Nine Nooter yn Buro de Vries

    Snein 28 april

    Betinke yn frijheid, hoe fier kinne je gean? Doe’t ferline jier, mei de betinking op 4 maaie, it gedicht ‘Foute keuze’ foardroegen wurde soe, ûntstie der in soad diskusje. It gedicht fan de 15-jierrige Auke de Leeuw gie oer minsken dy’t yn de oarloch in ferkearde kar makke hiene. Hy fertelde oer syn âld-omke, dy’t by de Waffen-SS siet.

    Yn Buro de Vries in gesprek mei Nine Nooter út Aldetrin, sy is direkteur fan it ‘Nationaal Comité 4 en 5 mei’. Sy stie folslein efter it gedicht, mar naam úteinlik it beslút om it net foarlêze te litten. Hoe sjocht sy werom op dy diskusje en hoe sille wy yn de takomst betinke?

    Buro de Vries, tusken 11:00 en 13:00 oere op Omrop Fryslân Radio, 92.2FM.

    De lêste fytser wint Europeeske priis!

     

    Omrop Fryslân hat in Prix Circom Award wûn, yn de kategory Sport. It giet om de, yntusken hast legindaryske, reportaazje fan Hea! oer de lêste fytser fan de Fryske Alvestêdetocht fan 2012. De Prix Circom Awards binne de meast prestisjeuze Europeeske prizen foar programma’s fan regionale omroppen. Yn totaal wurde der awards útrikt yn tsien kategoryen. Trije dêrfan binne wûn troch Nederlânske omroppen.

    De priis, in spesjaal ûntwurpen trofee en in jildbedrach fan € 3.000,-, wurdt op 8 maaie útrikt op it Prix Circom 2013 Gala yn it Spaanske Santiago de Compostella.

    De reportaazje oer ‘De lêste fytser’ is makke troch ferslachjouwer Janko Krist, kameraman Gerko Jonker en editor Bauke de Haan. Janko en Gerko folgen oant midden yn ‘e nacht Wiebe Idsinga, de alderlêste alvestêdefytser dy’t yn Boalsert oankomme soe. Hoe dreech it ek wie, Wiebe wist net fan ophâlden en soe de einstreep helje. De reportaazje wûn yn maart ek al de Goudene NL Award, de erkenning foar de bêste produksje fan de regionale omroppen yn Nederlân.

    (advertinsje)
    (advertinsje)