Fryske Muzykwike

Hjerstfakânsje is Fryske Muzykwike by Omrop Fryslân

Alwer foar de 5e kear in wike lang allinnich Frysktalige muzyk op de radio! Fan De Kast oant Gebrich van Dekken en fan de Hûnekop oant Frederike Kleefstra. En dat is fansels net alles: we sykje dy by kommardel.nl op mei Fryske artysten as Piter Wilkens, GeDoBr, Johannes Rypma, Doelleazen, Sake Hijlkema en Tet Rozendal. Tichter by de Fryske muzyk kinst net komme! Tasongen wurde by it moarnsbrochje, harkje nei in Fryske hit, gewoan op de eigen bank, of noflik mei buorlju en famylje meisjonge mei dyn favorite Fryske band: it kin by kommardel.nl. Even surfe nei www.kommardel.nl en we nimme dy mei yn ús toernee. Jûns yn Bynt in gearfetting op Televyzje!

En der falt nóch mear te heljen: spylje mei, mei 'Wit de hit'. De tekst fan de iene op muzyk fan de oare hit en kom dan mar ris mei titel en artyst fan beide. Alle dagen is der in nije opjefte en alle dagen is der wer sa'n moaie Omrop Fryslân Koptelefoan te winnen. It antwurd mei nei hit@omropfryslan.nl.

De Fryske Muzykwike is tagelyk de start foar de nije Fryske Top 100. Moandei 13 oktober giet de digitale stimbus wer iepen, op frysketop100.nl. Elts kin syn favorite 5 platen wer trochjaan en ek dit jier jildt wer: elke 50ste stimmer krijt in Tóóóóóp -CD kado!

Eksklusyf minikonsert

Sneon 18 oktober, ta beslút fan de Fryske Muzykwike: in eksklusyf minikonsert fan Syb van der ploeg en Wiebe Kaspers, live yn studio 1 fan Omrop Fryslân. Syb hat fansels kwalik in yntroduksje nedich: ferneamd wurden mei De Kast troch hits as 'In nije dei' en 'Eltse Grins foarby'. Wilens hat hy ek in yndrukwekkende solokarjêre opboud en hat hy skittere yn teatersjo's lykas 'Sonneveld voor altijd', 'The Passion' en 'Rembrandt'. Wiebe Kaspers timmert mei syn muzikaal talint hieltyd mear oan de wei. Sa giet hy by de teaters lâns mei syn eigen program 'It Gouden Fjild'. Yn de studio is mar in beheind oantal plakken beskikber. Kaarten binne yn de muzykwike te winnen, middeis tusken 14.00 en 16.00 oere yn Noardewyn. Hâldt de oankundigingen op de radio yn de gaten om beslach te lizzen op sa'n eksklusyf yntreebewiis.

(advertinsje)

Radio Froskepôle fiif kear live

Spesjaal foar de Fryske Muzykwike binne der de hiele wike live optredens fan Fryske artiesten yn Radio Froskepôle; ít streektaalmuzykprogramma fan Omrop Fryslân. De folgjende artiesten en groepen meitsje har opwachting yn de studio by Gurbe Douwstra:

* Moandei 13 oktober: De folkgroep Reizger
* Tiisdei 14 oktober: Die Twa
* Woansdei 15 oktober: Combo Bauke van der Woude
* Tongersdei 16 oktober: Healers
* Freed: Hichtepunten fan de live-optredens fan dizze wike

Yn de studio is in beheind oantal gasten wolkom. Hâldt de útstjoerings fan Omrop Fryslân yn de gaten foar mear ynformaasje. Radio Froskepôle: jûns om 18.00 oere op 92.2 FM.

Kom Mar Del: Piter Wilkens

    Kom Mar Del: Sake Hijlkema

      Kom Mar Del: Tet Rozendal

        Kom Mar Del: Doelleazen

          (advertinsje)